Fryske trui moat de wrâld feroverje

22 jan 2018 - 08:32
  • Pietrick Veenstra fan Social Lab 'it Erfskip'

Der wurdt op it stuit in Fryske trui ûntwikkele, dy't op de lange termyn de konkurrinsje oan kinne moat mei de ferneamde Noarske of Ierske truien. Social Lab 'it Erfskip' yn Ljouwert is dêr mei dwaande. De trui wurdt yn Fryslân makke fan materialen út Fryslân: flaaks en âlde wollen truien.

It Erfskip is noch op syk nei âlde Fryske breidpatroanen en wol de flaaksproduksje stimulearje. Offalferwurker Omrin en it Leger des Heils dogge al mei oan it projekt. It bedriuw Loop.a life, dat in soad ûnderfining hat mei it op 'e merk bringen fan duorsume klean, is ek in wichtige partner.

De truien moatte mei de winterkolleksje 2018/2019 yn de winkels lizze.

Trefwurden: 
trui
(advertinsje)