Kollum: "Kope, kope, maar niet kijke"

"Wy hiene ferline wike noch krekt net de flagge út yn Aldegea, mar in hiel soad Aldegeasters koene ôfrûne tongersdei ferromme sykhelje doe't de gemeente Smellingerlân bekend makke dat se lang om let ús âld suvelfabryk kocht ha. Hiel earlik: wy hiene De Hoop letterlik en figuerlik al opjûn. Dit berjocht kaam dan ek as de ferlossing. Einliks, éinliks sil der wat heve yn ús doarp.
Foar wa't noch nea yn Aldegea west hat of net krekt wit wêr't ik it oer ha, efkes in koarte skiednisles oer ús doarp. Al yn 1900 nimme in oantal boeren út Aldegea it inisjatyf om in koöperative suvelfabryk op te starten. It fabryk krijt de namme De Hoop. Hjir wurdt de molke fan mar leafst 45 boeren sammele en ferwurke. Alles docht men yn dy tiid mei de hân, in bealch fol wurk foar ferskate manlju. It suvelfabryk is it klopjende hert yn ús doarp.
Yn 1966 wurdt besletten om te fusearjen mei it molkfabryk yn De Pein. It fabryk yn Aldegea wurdt ferkocht en twa jier letter omdoopt ta It Miensker. In multyfunksjoneel sintrum, mei in biblioteek, in sealesintrum, de Rabobank en in snackbar. It Miensker is sa op 'e nij it middelpunt fan ús doarp. Ein jierren njoggentich wurdt de biblioteek lykwols opheft en giet ek de Rabobank út It Miensker wei. It is de nekslach foar de eksploitant, dy't it gebou yn 2003 ferkeapet oan fêstgoedûndernimmer Credo.
Stadichoan rekket de boel yn ferfal. Net in kop sjocht mear om nei it âld fabryk. Ruten wurde ynsmiten, jeugd skarrelet yn it tsjuster yn de sealen om en swalkers fine der in sliepplak. De boel wurdt tichtspikere, wêrtroch't it in spûkhûs wurdt. In rotte kies yn ús doarp. En it lullige is: wy kinne der mei ús allen neat oan dwaan. Want it is net uzes.
Wa't no lâns it âld fabryk rint, sjocht in gebou dat slim fertutearze is. Der groeit in klimop fan jewelste út de daksgoate wei. De bûtenkant is folspuite mei graffity en oeral leit rotsoai. De âlde Hoop is mei oare wurden Hopeleas. En folle slimmer noch: it is in gefaarlik plak wurden. Jeugd klimt yn de nacht fia in brântrep op it dak en wrot himsels nei binnen. Wy warskôgje Credo kear op kear dat der sa libbensgefaarlike situaasjes ûntstean, mar der komt gjin reaksje.
Yn it doarp hat yntusken elkenien syn nocht fan it âld fabryk. Der ûntsteane sels wylde plannen om it ding mei âldjiersnacht yn de fik te stekken, sadat wy der fanôf binne. Want it gebou is it misfoarme gesicht fan ús doarp. Elkenien dy't ús haven ynfart, sjocht as alderearste dit treasteleaze pân; soest de boat fuortendaliks wer keare sa tryst. It is in oanfluiting.
En dus komme wy sels mei ferskate plannen, dy't we foarlizze oan de gemeente. Dy snapt ús soargen, mar kin ek neat dwaan, want sa't ik al sei: it gebou is net uzes. En ek net fan de gemeente. Dus kinne wy mei ús allen neat dwaan. En eins snap ik dat net.
Gemeenten kinne boetes jaan oan ûndernimmers dy't harren winkelpân jierren en jierren leech stean litte. Hjirtroch krijst gatten yn in winkelstrjitte en dat is skealik foar in doarp of stêd. Tsjintwurdich kin dat sels ek mei hûze-eigeners dy't de boel leech stean litte. Ferline jier septimber dielde de gemeente Amsterdam foar it earst yn de histoarje fan de stêd in boete út oan in hûze-eigener dy't syn wenning yn de binnenstêd leech stean liet sûnder dat te melden de gemeente. Dus it kín wol.
Wêrom is it dan net mooglik dat in gemeente ek fêstgoedûndernimmers beboetsje kin? As der mear as fiif jier nei de oankeap fan in gebou neat bart, dan is wol dúdlik dat sa'n ûndernimmer gjin echte plannen hat. Dus nei fiif jier soe in gemeente wat my oanbelanget bêst de mooglikheid ha meie om sa'n ûndernimmer op 'e bon te slingerjen. Dêrmei foarkomst wat der no bart: ûndernimmers dy't rêstich achteroer leune om te sjen wat de prizen dogge sûnder ek mar in kear by it gebou sels te sjen. Kope, kope, maar niet kijke. De omkearde wrâld.
Gelokkich grypt de gemeente no lang om let toch yn. Net mei in boete, mar troch it fabryk dan mar sels op te keapjen. Wy binne der mar wat wiis mei. Einliks is it fabryk wer uzes. Der is wer hoop foar De Hoop."