Basisskoallen Dantumadiel hawwe grut leararetekoart

22 jan 2018 - 06:58
  • Gert van Tol, direkteur by ûnderwiiskoepel PCB

It leararetekoart yn Dantumadiel is sa grut, dat basisskoallen yn dy gemeente hast gjin ynfallers mear fine kinne as de leararen siik binne. Dat meldt ûnderwiiskoepel PCB yn in brief oan de âlden. De skoallen freegje no oan de âlden oft se ek minsken kenne dy't les jaan meie, sadat dy yn foarkommende gefallen de lessen oernimme kinne.

"De zorgen zijn groot", seit Gert van Tol, direkteur by ûnderwiiskoepel PCB. "Het lerarentekort zorgt voor extra werkdruk bij collega's, die zich vervolgens niet ziek durven te melden. Want bij ziekte proberen we de groep te verdelen over de andere leerkrachten op de school. Maar we kunnen geen ijzer met handen breken. Daarom de vraag aan ouders of ze mensen in hun netwerk hebben die een onderwijsbevoegdheid hebben, zodat zij kunnen bijspringen."

Oplossing

In strukturele oplossing foar it leararetekoart soe neffens Van Tol wêze dat it fak fan learaar wer oantreklik makke wurdt. Dit soe gebeure moatte troch de wurkdruk te ferlichtsjen en mear lean te jaan. Op 14 febrewaris wurdt der yn Fryslân troch basisskoalledosinten staakt om dit ôf te twingen.

(advertinsje)