Ben Schröder winner fan Indoor Drachten

21 jan 2018 - 20:10

Ben Schröder út Tubbergen hat de Grutte Priis fan Indoor Drachten op syn namme skreaun. Tegearre mei syn hynder Davino Q wie hy yn de barraazje de bêste fan acht kombinaasjes.

Foar folle tribunes yn Drachten wiene it bekende nammen lykas Piet Raijmakers jr. en Jur Vrieling dy't harren pleatsten foar de barraazje. Dêryn wiene Schröder en Davino Q in klasse apart. Mei 41.01 en gjin fouten waarden sy de winner fan de earste priis fan 20.000 euro. Jur Vrieling waard twadde, Christophe Vanderhasselt út België tredde. De Belch wie de fluchste yn de barraazje, mar hy makke ien springfout.

Schröder wie nei ôfrin tige optein mei de oerwinning: "Ik heb Davino nu 2,5 jaar en heb steeds rustig de tijd genomen om hem op te leiden, want het is een paard met heel veel kwaliteit. Hij beschikt over een extreem vermogen, waardoor ik hem ook steeds weer kort voor de hindernissen kan plaatsen. Daarbij heeft hij een grote galop en die twee zaken maken van Davino een zeer competitief paard, dat in een barrage kan winnen", sa sei de winner.

(advertinsje)
(advertinsje)