Ferbod op pulsfiskerij treft ek Harns

21 jan 2018 - 19:24

It ferbod fan Europa op de pulsfiskerij kin ek foar Harns as fiskershaven gefolgen hawwe. Dat seit boargemaster Roel Sluiter. Neffens Sluiter is it in dreun foar de fiskerij just yn in tiid dat Harns dwaande is de fiskerijhaven mear op 'e kaart te krijen. Sa liket it derop dat der einliks jild komt foar de zaagtandsteiger dêr't Harns al lang foar pleitet.

Mar hoe't it no komt no't de pulsfiskerij net trochgean kin is de fraach neffens Sluiter. "Dit is natuurlijk niet gunstig. We hebben er als Harlingen een groot belang bij dat de vissershaven blijft floreren," sa seit Sluiter yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)