Fjouwermansbob 16e yn Köningssee

21 jan 2018 - 18:25

De Nederlânske bobsliders, mei Dennis Veenker fan Damwâld as ferfanger fan Jeroen Piek, hawwe by de wrâldbeker yn Köningssee net foar in ferrassing soarge. De fjouwermansbob, mei neist Veenker ek piloat Ivo de Bruin, Bror van der Zijde en Janko Franjic deryn, waard 16e. Der diene 24 dielnimmers mei. 

Yn de earste run waard de Oranje bob 17e. De twadde run gie in stik better, mar mear as in 14e plak siet er net yn. Dat soarge tegearre foar in 16e plak yn it einklassemint. Dútslân wûn de wedstriid yn Köningssee, foar Letlân en Eastenryk. 

(advertinsje)
(advertinsje)