Antoinette de Jong wurdt twadde op de 3000 meter yn Erfurt

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Antoinette de Jong is op de 3000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt twadde wurden. De Jong, de kampioen fan Nederlân op dizze ôfstân, ried 4.05.45. De Kanadese Ivanie Blondin ferraste mei de winst yn 4.04.86. Martina Sábliková waard tredde yn 4.05.91.
Jan Smeekens ried yn Erfurt mei 34.95 nei it twadde plak op de 500 meter. De Noar Håvard Holmefjord Lorentzen wûn yn 34.85.
Kjeld Nuis wie krekt as op freed de bêste op de 1000 meter. Nuis ried 1.08.40.
Sanne van der Schaar waard tsiende op de 1000 meter. De ynwenster fan Harns ried 1.17.87.