Ferlies foar LDODK tsjin Fortuna

© LDODK Terwispel / Gorredijk
De kuorballers fan LDODK ha sneintemiddei de útwedstriid tsjin Fortuna ferlern. It waard 23-19 by it duel yn de kuorbal league.
Oant 4-4 koe LDODK de thúsploech byhâlde. Dêrnei kaam Fortuna op twa punten foarsprong (6-4). Dy foarsprong koe de ploech fêsthâlde. Tsjin de ein fan de earste helte waard it ferskil sels noch grutter. De stân by it skoft wie dan ek 14-9.
Yn de twadde helte besocht LDODK oan it begjin de oansluting te finen, mar dat slagge net. Fortuna koe fierder útrinne (17-10) en dêrmei wie de wedstriid spile, hoewol't LDODK hielendal op de ein fan it duel noch in bytsje weromkaam.
Troch it ferlies sakket LDODK nei it fiifde plak yn de kuorbal league mei 11 punten út 10 wedstriden. Sneontejûn spilet LDODK yn de folgjende omloop wer thús, tsjin DVO.