Bedriuwsûngelok op pleats yn Tsjerkgaast

21 jan 2018 - 17:01

Op in boerepleats oan de Spannenburgerdyk yn Tsjerkgaast hat sneintemiddei in slim ûngelok west. It ûngelok fûn plak yn de stâl fan it bedriuw. De ambulânse en in traumahelikopter binne oanwêzich. Der soe sprake wêze fan ien ferwûne. Wat der krekt bard is, en hoe't it mei de ferwûnings is, is op dit stuit net dúdlik.

De persoan dy't ferwûne rekke is, is mei spoed nei it MCL yn Ljouwert brocht. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)