Van Lokven wer Nederlânsk kampioen karate

21 jan 2018 - 16:53

De 22-jierrige Samantha van Lokven út Ljouwert is foar de 7e kear Nederlânsk karatekampioen wurden yn de dissipline kata. Yn karate spilet kata in sintrale rol. Der wurdt hjirby in gefjocht útbylde tsjin in tinkbyldige tsjinstanner. Op it NK Karate yn Apeldoarn behelle Samantha de heechst mooglike skoare fan fjouwer kear 5-0: "Ik ben hartstikke blij, ik heb er geen woorden voor."

Samantha komt oarspronklik út Brabân, mar is fiif jier lyn nei Fryslân ta kaam om de alderbêste training te krijen fan Raymond Snel. Hy sei fuortendaliks 'als je bij mij komt trainen, maak ik je Nederlands kampioen'. Dat dit no foar de sânde kear bard is, is in knappe prestaasje neffens Snel: "Kampioen worden is natuurlijk moeilijk, maar kampioen blijven is nog moeilijker." Samantha traint sa'n 15 oant 20 oeren yn 'e wike mei as ultym doel it berikken fan de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokyo.

Moandei is der yn it programma Fryslân Hjoed in reportaazje te sjen mei Samantha van Lokven. Sy is dan sels ek te gast om mear te fertellen oer kata en har plannen foar de Olympyske Spelen yn Tokyo.

Trefwurden: 
Samantha van Lokven karate NK
(advertinsje)
(advertinsje)