Noppert fuortendaliks suksesfol by PDC

21 jan 2018 - 16:20

Danny Noppert fan De Jouwer hat himsels sneintemiddei yn Dútslân fersekere fan in PDC Tourcard. Dat betsjut dat de 27-jierrige Jouster darter yn elts gefal twa jier lang meidraaie mei op it kommersjele dartsirkwy fan de PDC. Noppert wûn net ien fan de fjouwer dagen fan it Europeeske kwalifikaasjetoernoai, mar stie heech genôch op de ranglist om yn oanmerking te kommen. De bêste resultaten fan eltse dei waarden meinommen yn in totaalklassemint. Dêryn einige de Jouster op de boppeste plakken.

Danny Noppert mei himsels no twa jier lang bewize by de PDC. Dat is it dartbûn fan ferneamde darters lykas Michael van Gerwen en Raymond van Barneveld. Yn totaal binne aansten 128 darters fan oer de hiele wrâld yn besit fan sa'n Tourcard fan de PDC.

Trefwurden: 
darts Danny Noppert PDC
(advertinsje)