Punt foar Snits Wyt Swart

21 jan 2018 - 15:53

Yn de haadklasse A fan in amateurfuotbal hat Snits Wyt Swart sneintemiddei mei 0-0 lykspile tsjin Silvolde. VV Hearrenfean kaam net yn aksje.

Yn de earste helte barde net in soad yn Snits. De stân yn it skoft wie dan ek 0-0. Nei in oere spyljen wie der in kâns foar Van der Pol, mar syn skot rekke de latte. Tsjin de ein fan de wedstriid wiene der noch in pear lytse kânsen foar Silvolde, maar keeper Klaas Boersma stie goed te plak.

Yn it slot fan it duel wiene der noch grutte kânsen foar Bouwmeester (Silvolde), Van der Pol (Snits) en Wever (Snits) mar de begjinstân fan 0-0 wie ek de einstân. In pear minuten foar tiid mocht Nicolas Urrutia noch syn debút meitsje foar Snits.

De wedstriid tusken De Bataven en VV Hearrenfean yn de haadklasse A waard ôfsein. It fjild fan De Bataven wie te min om op te spyljen. Snits Wyt Swart hat no 14 punten út 15 wedstriden, VV Hearrenfean bliuwt op 14 punten út 14 wedstriden stean.

(advertinsje)
(advertinsje)