"Eigen sosjale wurkfoarsjenning is net goedkeaper"

21 jan 2018 - 14:49

As gemeenten út sosjale wurkfoarsjenningen stappe en harren eigen wurkfoarsjenningen ynrjochtsje wolle, dan sil dat grif net goedkeaper wurde. Dat sei direkteur Alex Bonnema fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis sneintemoarn yn Buro de Vries. De rêst is werom by de wurknimmers dy't yn it bedriuw wurkje.

Grienfoarsjenning

Hoe't it giet mei de wurknimmers fan de grienfoarsjenning yn de fjouwer gemeenten, dy't dat stik nei harren sels ta lutsen hawwe, wit Bonnema net. Dêr is gjin kommunikaasje oer. Hy fynt dat spitich, omdat it belang fan de wurknimmers yn de sosjale wurkfoarsjenning dêrmei net tsjinne is. Ljouwert en trije oare gemeenten ha de grienfoarsjenning no yn eigen behear.

Fersplintering

As dizze gemeenten harren hielendal weromlûke yn de takomst, foarsjocht Bonnema dat dat in soad jild kostje sil. Der moatte wer nije organisaasjes optúgd wurde mei direkteuren ensafuorthinne. Ek lokaasjes dêr't minsken wurkje, sille dan ynrjochte wurde moatte. Neffens de direkteur fan Caparis soe de fersplintering net yn it belang wêze fan de wurknimmers yn de SWF.

Dúdlikens

Caparis sil him dêr wol saaklik yn opstelle. As der gebouwen brûkt wurde, sil der troch de gemeenten foar betelle wurde moatte. Ek wol Bonnema graach dat gemeenten dy't úttrêde wolle dat sa gau as mooglik oanjouwe. Binnen in jier wol hy dúdlikens hawwe oer de takomst, sadat it bedriuw dêr fierder plannen op meitsje kin.

(advertinsje)
(advertinsje)