Sander Arends ûnderút yn finale Challenger Koblenz

21 jan 2018 - 14:36

Sander Arends en syn Kroatyske dûbelmaat Antonio Šančić hawwe de finale fan it ATP challengertoernoai yn Koblenz ferlern. Yn in tige spannende finale waard it 6-7, 7-5 en 10-6 foar Tristan-Samuel Weissborn út Eastenryk en Romain Arneodo út Monako. Šančić rekke sneon noch blessearre oan syn pols mar koe snein de finale gewoan spylje.

Yn de earste set krigen Arends en Šančić gjin inkeld breakpoint tsjin. Wol hiene se sels trije breakpoints, mar it slagge net om de break te meitsjen. Yn de tiebreak gie it opnij lang lykop, mar in knappe forehand fan Šančić by in stân fan 4-4 makke it ferskil. Uteinlik waard de tiebreak binnen helle mei 7-4.

De koppels diene ek yn de twadde set net in soad foar inoar ûnder. Op 5-5 pakten Weissborn en Arneodo in break op de opslach fan Arends, en dat wie genôch om de set mei 7-5 te winnen. De beslissende supertiebreak begûn dramatysk foar Arends en Šančić. Se kamen rap mei 4-0 efter. Se kamen fan 9-2 noch wol werom oant 9-6, mar fierder kaam it net.

It wie foar Arends en Šančić it earste toernoai fan 2018. Op de wrâldranglist stiet de Ljouwerter nei de finale yn Koblenz op plak 88. Takom wike spilet hy it challengertoernoai fan Rennes, yn Frankryk.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)