Jeroen Piek hâldt direkt op mei bobslydzjen

21 jan 2018 - 14:05

Jeroen Piek fan It Hearrenfean hâldt fuortendaliks op mei bobslydzjen. De Feanster is woansdei by in training blessearre rekke. Der sit wierskynlik in skuorke yn syn boppeskonk. Dat sil de kommende wike ûndersocht wurde. It wie sowieso noch net wis oft Piek nei dit bobslydseizoen trochgean soe mei de sport, mar no hat er de knoop foar de ein fan it seizoen al trochhakke.

"Ik had mijn carrière graag afgesloten in de slee, maar het mag helaas niet zo zijn. Ik heb gelukkig genoeg mooie prestaties en verhalen om op terug te kijken. Het is mooi geweest", fertelt Piek fanút Dútslân. Hy siet twa perioades yn de bobslide, fan 2010 oant en mei 2014 en it ôfrûne seizoen. Mei de Nederlânske fjouwermansbob koe Piek him net pleatse foar de Olympyske Spelen.

Piek docht snein al net mear mei oan de wrâldbekerwedstriid yn Königssee. Dennis Veenker fan Damwâld nimt syn plak yn.

Trefwurden: 
Jeroen Piek bobslydzjen
(advertinsje)
(advertinsje)