"Moarns in hûs ferlern en middeis wer werom fertsjinne"

21 jan 2018 - 13:58

Fan de iene op de oare dei miljonêr wurde en in dei letter wer mei lege hannen stean. Dat is de wrâld fan it digitale jild, de cryptocurrency. Dit wykein kamen 160 hannelers yn digitale munten foar it earst byinoar yn Ljouwert om oer de takomst te praten. De Fryske hannelers hawwe in soad betrouwen yn dy takomst. "It is allegear wol wat ûnwis, mar ek hiel spannend om yn dizze nije munten te hanneljen" seit ien fan de besikers. "Ik haw in spesjale app op myn telefoan, dêr't ik op sjen kin hoe't de digitale munten it dogge. En ik haw sa al moai wat jild fertsjinne."

Net benaud

It bekendste digitale jild is fansels de bitcoin. In munt dêr't minsken in soad jild mei fertsjinne hawwe troch him goedkeap te keapjen en djoer wer fan de hân te dwaan. De ôfrûne wike gie de munt hiel hurd ûnderút, mar de wearde fleach dernei ek wer omheech. "Moarns hie ik de wearde fan in hiel hûs ferlern, mar middeis hie ik it al wer werom", sa sei ien fan de besikers. "Ik wurd dêr net benaud fan, want ik sit al wat langer yn de bitcoins dus ik wit hoe't it gean kin."

Jongste hanneler

Benammen ûnder jong folwoeksenen wurdt der hannele yn digitale munten. De jongste hanneler, dy't ôfkaam op de byienkomst fan dit wykein wie 16 jier âld. Ek hy ferwachtet reedlik jild fertsjinje te kinnen oan de cryptocurrency, ek yn minne tiden. "As de wearde no 90 persint ûnderút giet, dan soe ik der sels mear jild yn ynvestearje." De byienkomst fan dit wykein moat oer in moanne in ferfolch krije.

Trefwurden: 
Bitcoins blockchain
(Advertinsje)
(Advertinsje)