Earste letters Sichtberens te sjen yn Ljouwert

De earste letters fan it projekt Sichtberens binne snein te sjen oan it Stephensonfiadukt oan de westkant fan Ljouwert. Rûnom yn de stêd ferskine dizze wike letters op gebouwen, brêgen en diken. Se wurde ophongen foar Kulturele Haadstêd yn gearwurking mei it projekt Lân fan Taal. Op ien fan de plakken yn de stêd foarmje de letters wurden yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en Arabysk. Konseptûntwikkelders Marten Winters en Aad van Altena wolle sa meartalichheid sichtber meitsje yn it strjitbyld.
De letters bliuwe it hiele jier hingjen en mooglik dat inkelde wurden in permanint plak krije. Letter dizze wike komme se ûnder oare op it eardere V&D-gebou en op it provinsjehûs.