Hulshoff bliuwt noch trije wedstriden haadtrainer Cambuur

21 jan 2018 - 13:16

Sipke Hulshoff bliuwt ek de kommende trije wedstriden noch haadtrainer by SC Cambuur. Dêrnei wurdt der in nije coach presintearre, sa fertelde Hulshoff snein yn de tarieding op de wedstriid tsjin Jong Ajax. Dêrnei sit hy dus ek noch op de bank tsjin Jong FC Utrecht en FC Twente. Yn Jong Ajax treft Cambuur 'de bêst fuotbaljende ploech fan de Jupiler League', sa fynt Hulshoff. "Dat team is normaal sprutsen better as ús. Mar we wolle ús hûd sa djoer mooglik ferkeapje en sille moarn net werom stappe. We wolle de line fan de lêste tiid trochlûke."

De Ljouwerters spylje moarn mei ien wikseling yn de basis yn fergeliking mei de wedstriid tsjin Jong AZ. Justin Mathieu sit wer op de bank en syn plak wurdt ynnaam troch Issa Kallon. Furdjel Narsingh is moandei net ynsetber, hy is noch blessearre en wurdt klearmakke foar de bekerwedstriid tsjin FC Twente. Neffens Hulshoff is de konkurrinsje op it stuit grut by Cambuur. "Der klopje aardich wat jonges op 'e doar. Rosheuvel, Boerlage, Van der Laan en El Baad binne jonges, dy't we sa ynpasse kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)