Natuerorganisaasjes tegearre yn monumintale pleats Wurdum

21 jan 2018 - 12:44

Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten krije tegearre ien kantoar yn Fryslân. Se komme oan de Brédyk yn Wurdum, yn in monumintale pleats. It doel is dat beide natuerorganisaasjes mear gearwurkje sille.

Staatsbosbeheer hat op dit stuit noch in kantoar yn Grins, mar komt mei dit nije plak werom yn Fryslân. Foar Natuurmonumenten wurdt it in nij plak foar de meiwurkers. Tiisdei 23 jannewaris sil wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert de natuerorganisaasjes wolkom hjitte op de nije lokaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)