Kultureel jier 2018 úteinset yn Valletta op Malta

Yn Valletta op Malta hat sneontejûn de iepening fan Kulturele Haadstêd west. Tegearre mei Ljouwert is dizze histoaryske stêd yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa. It iepeningswykein is dêr dus in wike earder as yn Ljouwert. Der wie in grutte show mei ljochtprojeksjes yn it tsjuster, bygelyks mei in grut minskefiguer fan ljocht.
Tusken Ljouwert en Valletta binne der ferskate gearwurkingsprojekten, bygelyks de firtuele tunnel fan Ljouwert nei Malta, in ûntwerp fan Leanne Wijnsma. En Opera Spanga bringt de opera Aïda net allinnich yn Fryslân foar it fuotljocht, mar ek op Malta. It projekt 'Patatoes go wild' giet oer poëzy en ierappels: poaters fan It Bilt en fansels Malta's fan Malta. Yn 'e winkel yn Valletta kinst dizze wike fleskes wetter keapje, dêr't gedichten oer ierappels op steane.