Fjochterij yn drokke hoarekanacht Ljouwert

21 jan 2018 - 11:13

It wie in drokke hoarekanacht yn Ljouwert mei fjochterij op ferskate plakken. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Foar it gerjochtshôf op it Saailân hawwe trije jonges fan 19 jier proses-ferbaal krigen, omdat se oan it fjochtsjen wiene. Der woe gjin ien oanjefte dwaan.

Yn in kafee yn de Grote Hoogstraat wie in fjochtpartij binnendoar. Ek hjir woe net ien oanjefte dwaan, mar de plysje hat wol in jonge fan 19 jier oanholden.

Trefwurden: 
fjochterij hoareka Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)