Dumfries oer stjit en krús gripen: "Ik moet volwassen zijn"

21 jan 2018 - 10:53

Denzel Dumfries fan SC Hearrenfean wie sneontejûn yn de wedstriid tsjin Vitesse (1-1) de man dy't de klappen opfange moast yn Arnhem. De ferdigener krige yn de earste helte in earmtakke yn it gesicht fan Tim Matavž en waard nei it skoft yn syn krús grepen troch Matt Miazga.

Ballen

Nei de wedstriid wol er net tefolle yngean op beide ynsidinten. "Dat laat ik verder aan de KNVB over, die weet wel raad met de beelden die er zijn", seit er oer de earmtakkestjit fan Matavž. Op de knyppartij fan Miazga reagearret er wat makliker. "Tsja, hij grijpt me duidelijk bij de ballen, maar het is ook moeilijk om daarnaast te grijpen."

Folwoeksen

Yn beide gefallen bleau Dumfries wûnderbaarlik rêstich. "Ik weet dat ik op bepaalde momenten het hoofd er bij moet houden", ferklearret er. "We hadden de punten hard nodig en ik kon me bij een 1-1 stand niets permitteren. Ik moet volwassen zijn op dat moment en er boven staan. Dat heb ik gedaan en ik ben wel tevreden met dit punt."

Hearlik

Vitesse bleau de hiele wedstriid de boppelizzende partij, mar dochs kaam Hearrenfean oan de ein fan de earste helte op likense hichte troch in doelpunt fan Pelle van Amersfoort. "Ik dacht eerst dat hij op de lat zou komen, maar hij viel echt heerlijk binnen", seit in blide Van Amersfoort oer syn tredde doelpunt op rige.

Kâns benut

Ek trainer Jurgen Streppel wie úteinlik tefreden. "We konden weinig kansen creëren tegen Vitesse, maar de eerste de beste kans was ook gelijk een doelpunt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)