Plysje warskôget foar glêdens, ferskate ûngelokken

De plysje warskôget foar glêdens op de diken yn Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân, dizze sneintemoarn, en jout it advys om foarsichtich te wêzen en it rydgedrach oan te passen. Yn totaal ha der neffens de plysje sa'n fyftjin ûngelokken west, ferspraat oer de provinsje. Op de Sintrale As ha der fjouwer slippartijen west.
Op de Sintrale As by De Falom wie sneintemoarn om sân oere in auto fan de dyk rekke en op de sydkant yn in greide bedarre. De bestjoerster is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
Tusken Wommels en Tsjom botsten in auto en in struiwein opinoar. De bestjoerder fan de auto rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.
By alle oare ûngelokken, meastal slippartijen, binne gjin minsken ferwûne rekke. Wol wie der yn guon gefallen blikskea. De ûngelokken wiene yn de hiele provinsje: by It Hearrenfean, Tytsjerk, Warten, Burgum, Tsjom, op Skylge, by Hurdegaryp, Bûtenpost en trije by Easterwâlde.
Unferwachts
Neffens de plysje wurdt oeral wol struid, mar komt de glêdens dochs faak ûnferwachts. Ek it KNMI warskôget dat it yn it hiele lân glêd wêze kin troch opfriezing of winterske buien. Yn de rin fan de moarn ferdwynt de glêdens.
Fytsers
Yn Ljouwert wurdt klage oer net struide fytspaden. Fytsers wike dêrom út nei de trochgeande diken. Der wiene ferskate falpartijen. In frou is ferwûne rekke nei in fal op it fytspaad njonken de Julianaleane.