Auto yn 'e sleat by Ingwierrum, twa ferwûnen

21 jan 2018 - 07:36

In man en in frou binne sneontenacht ferwûne rekke, doe't se by Ingwierrum mei de auto op de sydkant yn in sleat bedarren. Dat kaam nei alle gedachten troch de glêdens op de dyk. De slachtoffers binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net bekend hoe't se der oan ta binne. De swier skansearre auto is troch in berger fuortsleept.

Trefwurden: 
ûngelok Ingwierrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)