IIshockeyers UNIS Flyers winne nei penalty shots fan Geleen

20 jan 2018 - 22:53

De iishockeyers UNIS Flyers hawwe sneontejûn nei penalty shots de kompetysjewedstriid fan Geleen wûn. Op It Hearrenfean waard it nei it nimmen fan penalty shots 3-2 foar de ploech fan coach Mike Nason.

Yn de earste perioade waard net skoard. Dat waard der wol dien yn de twadde perioade. Adam Bezak sette UNIS Flyers op foarsprong. Lang koene de Feansters dêr net fan genietsje, want Jord Smit makke lyk en even letter soarge Mike Gysbrechts derfoar dat Geleen oan de lieding kaam. Mei in tuskenstân fan 2-1 kaam der in ein oan perioade twa.

Yn de tredde perioade sette UNIS Flyers-spiler Tony Demelinne beide ploegen wer yn lykwicht. Penalty shots moasten in winner oanwize en dat waard de thúsklup. Sjoerd Idzenga hold de beslissende penalty shot tsjin, wêrtroch't UNIS Flyers as winner fan it iis stapte.

Trefwurden: 
UNIS Flyers Geleen iishockey
(advertinsje)