SC Hearrenfean begjint twadde seizoenshelte mei lyk spul

20 jan 2018 - 22:37

SC Hearrenfean is de twadde seizoenshelte begûn mei in lyk spul tsjin Vitesse. Yn Arnhem spile de ploech fan trainer Jurgen Streppel sneontejûn mei 1-1 lyk tsjin de bekerwinner fan ferline seizoen.

Streppel koe tsjin Vitesse wer in berop dwaan op bûtenspilers Arber Zeneli en Martin Ødegaard. Sy begûnen beide yn de basis, krekt as keeper Martin Hansen.

Hearrenfean moast yn de begjinfaze it inisjatyf oan Vitesse litte en kaam nei trettjin minuten op efterstân. Ferdigener Daniel Høegh wie earder by de bal as Vitesse-spits Tim Matavž, mar skeat 'm ûngelokkich efter syn eigen keeper. Dyselde Matavž mocht nei in healoere spyljen bliid wêze dat er op it fjild stean bliuwe mocht, neidat er syn earmtakke yn it gesicht fan Denzel Dumfries plante.

Beauty fan Van Amersfoort

Vitesse bleau de boppelizzende partij, mar dochs wie it Hearrenfean dat oan de ein fan de earste helte op likense hichte kaam. Neidat Henk Veerman earst op doelman Remko Pasveer stuite, skeat Pelle van Amersfoort op geweldige wize de rebound oer de Vitesse-goalie yn de goal.

Nei it skoft wie Vitesse ticht by in nije foarsprong, mar Matavž krige de bal net efter Hansen. Nei in oere spyljen krige Veerman in grutte kâns om Hearrenfean op foarsprong te setten, mar each yn each mei Pasveer slagge de spits dêr net yn.

Tsien minuten foar tiid kaam Hearrenfean in pear kear goed wei. Earst skeat ynfaller Mitchell van Bergen oer en in minút letter rekke Thomas Bruns de peal. Dêrnei wie ek Hearrenfean ticht by de oerwinning, mar Michel Vlap seach dat Pasveer syn skot tsjinhold.

Vitesse - SC Hearrenfean 1-1 (1-1). 13. Daniel Høegh (e.d.) 1-0, 38. Pelle van Amersfoort 1-1. Giele kaart: Thulani Serero (Vitesse).

Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Bulthuis; Schaars (83. Bruijn), Van Amersfoort (86. Vlap), Kobayashi; Ødegaard, Veerman (73. Ghoochannejhad), Zeneli.

(advertinsje)
(advertinsje)