Follybalsters VC Snits rekkenje thús ôf mei Peelpush

De follybalsters fan VC Snits © www.dijksfotografie.nl
De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn yn eigen hûs de kompetysjewedstriid fan Peelpush wûn. De ploech fan trainster Petra Groenland wie yn fjouwer sets te sterk foar it team út it Limboarchske Meijel (3-1).
De Snitser froulju wûnen de earste set mei 25-18 en de twadde mei 25-23. De tredde set gie ferlern (25-16). Yn de fjirde en lêste set stelde Snits de oerwinning feilich. Dy set gie mei 25-20 nei de thúsklup.
Troch de winst bliuwt Snits yn it spoar fan nûmer ien Sliedrecht Sport. De Snitsers rûnen sels yn, want de koprinner ferlear mei 3-1 fan Zwolle.