Drinkwetteroefening yn Fryslân

01 nov 2011 - 10:48

De gemeentes Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen en Kollumerlân hâlde tiisdei in needdrinkwetteroefening. Dit is in oefening wêrby't de trije gemeenten dogge oft de ynwenners al 24 oeren sûnder drinkwetter sitte.

Soks kin barre as bygelyks in graafmasine in wetterlieding rekket of by in ramp. De gemeenten moatte dan in needfoarsjenning opsette dêr't 2500 minsken wetter helje kinne. Learlingen fan skoalmienskip Singelland yn Burgum dogge oan de oefening mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)