Kuorballers SCO ûnderút tsjin koprinner Groen Geel

20 jan 2018 - 20:43

SCO is der sneontejûn net yn slagge om yn de útwedstriid tsjin Groen Geel foar in stunt te soargjen. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk en nûmer fjouwer fan de kompetysje gie tsjin de koprinner fan de haadklasse A ûnderút. Yn Wormer waard it 28-24 foar de thúsklup.

It wie in lykopgeande wedstriid tusken SCO en Groen Geel. Nei de earste helte stiene de besikers mei ien doelpunt efter (13-12). Neidat it yn de twadde helte 17-17 stie en in stunt yn de loft hong, sette de thúsklup oan en rûn it út nei 28-24.

Folgjende wike snein spilet SCO yn en tsjin Wageningen.

Trefwurden: 
Groen Geel SCO kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)