Noardeast-Fryslân rikt sport- en ûndernimmingsprizen út

20 jan 2018 - 20:03

Under tasjend each fan sa'n fjouwerhûndert belangstellenden binne freedtejûn yn De Westereen de jierlikse sport- en ûndernimmingsprizen fan Noardeast-Fryslân útrikt. De ferkiezing waard, mei stipe fan de gemeenten út dizze regio, organisearre troch streekomrop RTV NOF. Yn totaal waarden der mear as 25.000 stimmen útbrocht.

Programmeur en aktrise Anke Bijlsma fan Nes krige út hannen fan boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel de kultuerpriis. Kuorbalferiening De Wâlden út Tytsjerk en Oentsjerk wûn de priis foar sportploech fan it jier. Reedrydster Marijke Groenewoud fan Hallum waard beneamd ta sporter fan it jier. Elsa Rijpstra, dy't oan survivaljen docht, krige de priis foar it grutste sporttalint út de regio.

Undernimming fan it jier waard slachterij Weidenaar út Dokkum. Ta ûndernimmer fan it jier waard Marijke Dikkerboom út Hurdegaryp útroppen.

Trefwurden: 
Noardeast-Fryslân RTV NOF
(advertinsje)
(advertinsje)