Aris jout wedstriid yn Amsterdam út hannen en ferliest

20 jan 2018 - 18:17

De basketballers fan Aris hawwe sneontemiddei op besite by Apollo Amsterdam ferlern. De ploech fan trainer Tony van den Bosch koe it goede begjin fan de wedstriid gjin ferfolch jaan en ferlear yn de haadstêd úteinlik mei 82-76.

Aris begûn goed oan de útwedstriid en rûn út nei in foarsprong fan 19-10. Dêrnei naam de thúsklup it inisjatyf oer. Nei it earste kwart stie it 26-21 foar de Amsterdammers. Yn it twadde kwart knokte Aris him werom yn de wedstriid. De rêststân fan 39-39 wie dêrfan it resultaat.

It bleau spannend en yn it tredde kwart hie Aris de likense stân ombûgd yn in foarsprong (58-55). Spitigernôch foar de Ljouwerters koene sy dy foarsprong net fêsthâlde en ferlearen se de wedstriid mei seis punten ferskil.

Foar folgjende wike snein stiet foar Aris de útwedstriid tsjin Donar yn Grins op it programma.

Trefwurden: 
Aris Amsterdam basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)