Mosk bout Natuermuseum om ta libbensecht skriezenêst

It atrium fan Natuermuseum Fryslân is folslein omboud ta skriezenêst. Dat is dien om besikers fiele te litten hoe't it is om in skries te wêzen. Yn spesjale belibbings- en lûdynstallaasjes wurde effekten oproppen dy't yn de libbenswrâld fan de skries thúshearre.
Teun Mosk is teätermakker en hat it 'Grote Grutto Theater' boud. Mosk seit dat der omtinken oan de skries jûn wurdt, omdat dêrmei de driging fan de greidefûgels yn byld brocht wurde kin. "Dat moet voor een stukje bewustwording zorgen", seit Mosk.
Fan 26 jannewaris ôf is it skriezeteäter yn Ljouwert iepen.