Goud foar Wüst op 1.500 meter; Leenstra pakt it sulver

20 jan 2018 - 17:21

Ireen Wüst hat by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn it Dútske Erfurt de 1.500 meter op har namme skreaun. Mei in tiid fan 1.55.66 einige se op it earste plak, krekt foar Marrit Leenstra. Leenstra wie mei 1.55.75 njoggen hûndertsten stadiger as Wüst. Tredde op de 1.500 meter waard Ida Njåtun út Noarwegen (1.56.66).

Antoinette de Jong einige mei in tiid fan 1.57.85 op it sânde plak.

(advertinsje)
(advertinsje)