ONS Snits kriget yn Katwijk flinke draai om 'e earen

Troch ûnder oare fjouwer goals fan Quick Boys-topskoarer Yordi Teijsse gie ONS Snits sneontemiddei yn de tredde difyzje mei grutte sifers ûnderút. Op besite by Quick Boys rûn de ploech fan trainer Chris de Wagt tsjin de grutste nederlaach fan it seizoen op. Yn Katwijk waard it mar leafst 7-0 foar de thúsklup.
Dochs wie de earste kâns fan de wedstriid foar ONS Snits, mar keeper Jesper Hogedoorn fan Quick Boys wie krekt earder by de bal as Jan Dommerholt. Dêrnei naam Quick Boys it heft yn 'e hannen. Nei in goed healoere spyljen kaam de ploech út Katwijk op foarsprong troch in goal fan Reda Kharchouch. Teijsse makke der krekt foar it skoft 2-0 fan.
ONS Snits hie it dreech tsjin de nûmer trije fan de kompetysje. Nei acht minuten yn de twadde helte makke Kharchouch syn twadde en Quick Boys' tredde fan de middei. Neidat ONS Snits-middenfjilder Michael Lanting mei in skot ticht by de oanslutingstreffer wie, besliste Teijsse de wedstriid. Mei noch in healoere op de klok makke er út in strafskop de 4-0, tsien minuten letter de 5-0 en twa minuten dêr wer nei de 6-0. Quick Boys-ynfaller Kelvin Maynard makke der yn de slotfaze sels noch 7-0 fan.
De oare Fryske fertsjintwurdiger yn de tredde difyzje, Harkemase Boys, kaam sneon net yn aksje. De thúswedstriid tsjin DVS'33 waard ôfsein.
Quick Boys - ONS Snits 7-0 (2-0). 34. Reda Kharchouch 1-0, 43. Yordi Teijsse 2-0, 53. Kharchouch 3-0, 62. Teijsse (pen.) 4-0, 72. Teijsse 5-0, 74. Teijsse 6-0, 81. Kelvin Maynard 7-0. Giele kaart: Michael Lanting (ONS Snits).