Freedsmerk ferhuzet by iepening LF2018 net nei Skrâns

De Ljouwerter freedsmerk wykt yn it iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd net út nei de Skrâns. Fanwege de tariedingen op it iepeningswykein wie it al it plan dat de merk dêrhinne ferhúzje soe.
De tachtich keaplju sjogge dat lykwols net sitten. Se ferwachtsje dêr folle minder oanrin en binne dêrom yn ferset kaam. Boppedat leit der in fêste ôfspraak dat de merk nei de Wurdumerdyk en Nijstêd ferhuzet wannear't it Saailân net beskikber is. Omdat ek dêr aktiviteiten binne, waard keazen foar de Skrâns en de Ferlingde Skrâns as alternatyf.