Arends nei opmerklik ynsidint yn finale challengertoernoai

20 jan 2018 - 15:37

Tennisser Sander Arends hat de finale helle fan it challengertoernoai yn it Dútske Koblenz. Tegearre mei de Kroaat Antonio Šančić fersloech de Ljouwerter sneon Grzegorz Panfil út Poalen en Volodymyr Uzhylovskyi út Oekraïne. Yn in lange, spannende wedstriid waard it 6-4, 3-6 en 11-9.

De koppels diene net in soad foar inoar ûnder. Sawol yn de earste as yn de twadde set wie ien break genôch foar de setwinst. Ek yn de beslissende supertiebreak gie it lang lykop. In dûbele flater fan Panfil by de stân fan 9-9 soarge derfoar dat Arends en Šančić op matchpoint kamen. De Ljouwerter makke it doe op eigen service ôf.

By in stân fan 3-2 yn de supertiebreak barde der noch wat opmerkliks. Arends rekke mei syn racket syn maat doe't er in folly slaan woe. Šančić krige in blessuerebehanneling oan syn pols en koe dêrnei gewoan trochspylje. Nei ôfrin is de Kroaat nei it sikehûs ta gien om foto's fan de pols meitsje te litten. It is noch net dúdlik oft Šančić snein de finale spylje kin.

(advertinsje)
(advertinsje)