Steatsboskbehear oer dúntrochbraak: "Wel even schrikken"

20 jan 2018 - 15:17

Dat der by de stoarm fan ôfrûne wike op It Amelân in dún trochbrutsen is, hat grutte gefolgen foar de natuer. Dat seit Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear. Se seach mei belangstelling nei de manier wêrop't de natuer yn in pear dagen tiid al feroare is.

"Je schrikt er altijd wel even van", fertelde Veenendaal, mar sei ek dat it foar de eilanners gjin gefolgen hat. De saneamde primêre wetterkearing dy't it eilân tsjin de see beskermje moat, leit in ein fierderop en is by de stoarm net skansearre rekke.

(advertinsje)
(advertinsje)