Gjin poadiumplak foar Friezinnen op 500 meter yn Erfurt

Letitia de Jong © www.awfoto.nl
De Friezinnen dy't yn it Dútske Erfurt by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn aksje kamen op de 500 meter hawwe krekt net it poadium helle. Marrit Leenstra foel krekt bûten it poadium en waard fjirde mei in tiid fan 38.43. Letitia de Jong einige freed op de earste 500 meter noch op it njoggende plak en ferraste sneon mei de sechsde tiid (38.58). Troch har goede prestaasjes giet De Jong nei it santjinde plak yn it wrâldbekerklassemint.
Anice Das, dy't yn tarieding is op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä, waard njoggende mei in tiid fan 38.87. Mayon Kuipers einige op it tsiende plak mei 39.07.