Beslút oer ôfstjitten Dokkumer tsjerken falt nei simmer 2018

20 jan 2018 - 14:12

Nei de simmer wurdt der in beslút naam oer de takomst fan de tsjerken fan de protestantske gemeente Dokkum, Ealsum en Wetsens. Se moatte twa fan de fjouwer tsjerken ferkeapje. Hokker tsjerken dêrtroch ticht geane, is noch net dúdlik. Dat der wat feroarje moat, stiet wol fêst, seit foarsitter Jacob Appelhof fan de tsjerkeried yn Dokkum. As se op de âlde foet fierdergean, ûntstiet der in miljoenetekoart.

Advys fan wurkgroep

In spesjale wurkgroep hat in foarstel dien oer de takomst fan de tsjerken. Dêryn stiet dat der yn 2020 noch twa tsjerken oer binne. It foarstel fan de wurkgroep is om de Grutte of Sint Martinustsjerke yn it sintrum fan Dokkum te behâlden, fanwege de monumintale status. De tsjerke fan Ealsum soe wol slute moatte. Der binne dan noch twa tsjerken oer, wêrfan't ien slute moat: De Fontein of De Herberg.

Yn de kommende perioade sille der in protte petearen folgje yn de ferskate wiken fan Dokkum. It beslút oer de takomst fan de tsjerken sil úteinlik nei de simmer komme en wurdt naam troch de folsleine tsjerkeried.

(advertinsje)
(advertinsje)