Fryske teksten op stedsgebouwen yn Ljouwert

20 jan 2018 - 14:04

Op gebouwen yn de binnenstêd fan Ljouwert komme teksten te stean foar it iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd. De teksten moatte de bewenners en besikers fan de stêd de Fryske taal en meartalichheid sjen litte. Mei dit projekt Sichtberens wolle de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân de posysje fan it Frysk yn de iepenbiere romte fersterkje.

"Mei dit projekt meitsje wy it Frysk en meartaligens op in fernijende en ynspirearjende wize sichtber yn de iepenbiere romte", seit deputearre Sietske Poepjes. "Wy hoopje dat dizze foarbylden yn Ljouwert in ynspiraasje binne foar oare gemeenten in Fryslân."

Keunstner Marten Winters en ûntwerper Aad van Altena binne de betinkers fan it konsept. Mei it team fan keunstprojekt Lân fan Taal fûnen se gaadlike lokaasjes. "Wy wolle taal ta libben bringe mei ienfâldige en rake teksten, dy't wat tafoegje oan de iepenbiere romte."

Yn de rin fan 2018 komme der mear tekstwurken op huzen yn de binnenstêd.

(advertinsje)
(advertinsje)