Fjild Harkemase Boys yn minne steat, wedstriid ôfsein

20 jan 2018 - 13:35

De wedstriid tusken Harkemase Boys en DVS '33 út Ermelo giet sneontemiddei net troch. It fjild op sportpark De Bosk op De Harkema is net te bespyljen, trochdat it de ôfrûne dagen in protte reind hat. De wedstriid soe om 14.30 oere úteinsette. Oare wedstriden yn de tredde difyzje geane foarearst wol troch.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)