Earste blockchainbyienkomst fan Fryslân yn Ljouwert

20 jan 2018 - 13:06

De earste blockchainbyienkomst fan Fryslân fynt sneontejûn plak yn de Kanselarij yn Ljouwert. Dêr komme goed 160 minsken byien om te praten oer de bitcoin en oare digitale munten en it systeem dat der efter sit. Der is de lêste tiid in soad te dwaan oer de bitcoin, om't der in soad jild mei te fertsjinjen wêze soe. Mar as je der op it ferkearde momint yn stappe, kinne je ek in soad jild ferlieze, sa seit inisjatyfnimmer Robert Leach fan de blockchainbyienkomst.

Neffens Leach is it wichtich om net allinich ynformaasje te garjen op ynternet, mar ek nei echte byienkomsten te gean. Sa komme je yn 'e kunde mei de minsken, dêr't je dêrnei digitaal mei hannelje.

(advertinsje)
(advertinsje)