Automobilist ferwûne by botsing tsjin beam by Wier
By in ûngelok op de Gernierswei by Wier is sneontemoarn in persoan ferwûne rekke. It slachtoffer rekke mei de auto fan de dyk, botste tsjin in beam en bedarre yn in greppel. Mooglik wie de glêdens de oarsaak fan it ûngelok. It slachtoffer is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.