Keunstner Feiko Beckers eksposearret yn Fries Museum

20 jan 2018 - 12:27

Fan nije wike ôf is der in tentoanstelling mei wurk fan keunstner Feiko Beckers yn it Fries Museum yn Ljouwert. Hy is oer de grins folle bekender as yn eigen provinsje. Hy komt út Wytmarsum, hat yn Grins en Amsterdam oan de keunstakademy studearre en wennet no yn Brussel. Syn wurk is bekend yn binnen- en bûtenlân, mar hy is no yn Fryslân foar syn earste museäle solotentoanstelling.

Feiko Beckers makket filosofyske fideokeunst op in grappige manier. Hy besiket oplossingen te finen foar gewoane problemen en sosjale ûngemakken. Yn Fryslân hat Beckers allinnich noch mar by Kunsthuis Syb yn Beetstersweach eksposearre. Syn wurk hat wol te sjen west yn filmmuseum Eye yn Amsterdam en Cultuurhuis De Brakke Grond yn Amsterdam. Hy is nominearre foar de Volkskrant Beeldende Kunst-prijs 2018.

Op sneon 3 maart en sneon 7 april is Feiko Beckers live oanwêzich yn it Fries Museum om workshops te jaan oer syn keunst. Syn tentoanstelling duorret oant 29 april 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)