Marvin Peersman ferlit Cambuur foar Israelyske klup

© www.orange-pictures.nl
Ferdigener Marvin Peersman giet fuortendaliks by SC Cambuur fuort. Hy sil nei de fuotbalklup Hapoel Tel Aviv, dy't spilet op it twadde nivo fan Israel. De oerstap giet allinne troch as er troch de medyske keuring komt.
Peersman (26) kaam yn de simmer fan 2015 fan Dordrecht nei Ljouwert. It ôfrûne seizoen wie er in fêste wearde. Hy spile 82 wedstriden foar Cambuur.
Nije ferdigener
Cambuur hat ek in nije ferdigener yn byld. Kenny Teijsse komt op proef by it earste alvetal. Hy is transferfrij nei in aventoer by it Amerikaanske San Fransisco Delta. Teijsse (25) spile earder by ûnder oare FC Utrecht, Sparta Rotterdam en Go Ahead Eagles.