Man falt yn sliep mei panne op it fjoer, hûs fol reek

20 jan 2018 - 11:43

De plysje fan Ljouwert hat sneontemoarn in bewenner fan de Corellistrjitte wekker makke, dy't te sliepen lei yn in appartemint fol mei reek. De brânmelders giene ôf, mar dêr wie er net wekker fan wurden. De man soe by it bakken fan loempia's yn sliep fallen wêze. In wurdfierder fan de brânwacht koe dat net befêstigje, mar sei wol dat der wat op it fjoer stie.

Earder wiene der ek al plysjes op de melding ôfgien, mar sy krigen te hearren dat der nimmen mear yn it hûs wie. "It hie dus allegearre folle slimmer ôfrinne kind", seit de brânwachtwurdfierder.

De bewenner is neisjoen troch ambulânsepersoniel, mar hoegde net mei nei it sikehûs. De brânwacht hat mei in fentilator de reek út de wenning blaasd. Der liket net in soad skea oan de wenning te wêzen.

Trefwurden: 
reek brânwacht Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)