Ballum hat wer sânstrân

By Ballum op It Amelân hawwe frijwilligers dit wykein dwaande west mei sjofels en kypweinen om sân oer it strân te bringen. By it paviljoen lei in tsjûke laach slyk. Dat is net geskikt foar badgasten. De ûndernimmers hiene dêr bot fan te lijen. Nei it wurk fan de 23 frijwilligers hat Ballum wer in wyt sânstrân.
Ferline jier hawwe de Ballumers ek al sân ferpleatst. Mar troch in stoarm wie dat nei twa wike al wer fuortspield. Dêrom is it no wat letter yn it seizoen dien. De hoop is dat it sân de simmer oer no wol lizzen bliuwt.
As it moat, wurdt takom jier wer in strân makke.
(foto's: Persbureau Ameland)