Problemen Ofslútdyk, opnij fertraging foar ferkear

Ferkear op de Ofslútdyk hat dit wykein opnij lêst fan de stikkene brêge by Den Oever. Rykswettersteat hat de noardlike brêge foar ûnbepaalde tiid iepenset, sadat it skipfeartferkear passearje kin. Dêrtroch moat it autoferkear oer de súdlike brêge ride en dat soarget foar fertraging. De noardlike brêge is sûnt moandei stikken en it probleem is noch hieltyd net ferholpen. Rykswettersteat wurket oan in oplossing, seit wurdfierder Sylvia de Bres.
De hiele wike hat de noardlike brêge ticht west foar it skipfeartferkear. Freedtejûn is er iepenset. It is net dúdlik wannear't Rykswettersteat de brêge wer ticht docht. "Alle kapotte onderdelen zijn naar de fabriek, om te kijken wat we kunnen vervangen of vernieuwen. Maandag weten we pas wat de situatie is van alle onderdelen en dat moeten we even afwachten", sa seit De Bres.
De steuring waard feroarsake troch in stikkene printplaat, mar der binne ek oare ûnderdielen fan de brêge net goed mear.