Oppasse op de dyk, East-Fryslân sjippeglêd troch froast

20 jan 2018 - 09:15

Wa't sneontemoarn de dyk opgiet, moat der rekken mei hâlde dat it op plakken yn Fryslân sjippeglêd wêze kin. It KNMI hie foar sneontemoarn koade giel ôfkundige. Benammen automobilisten yn de easthoeke fan Fryslân moatte der goed om tinke, seit dykynspekteur Jaap Leijenaar fan de provinsje. "Dêr is ek noch in lyts bytsje snie fallen yn de nacht en moarn. It giet foaral om de N381, de dyk fan Drachten nei de Drintske grins, en de N355 fan Bûtenpost rjochting Grins." Fanwege de glysterichheid is der besletten, dizze diken ekstra te struien.

De westkant fan Fryslân liket reedlik te beriden, seit Leijenaar.

Trefwurden: 
glêdens struie
(advertinsje)