Kollum: "NederFries"

"Wy wenje en libje yn de provinsje Fryslân. De moaiste provinsje fan Nederlân, sa hat ûndersyk fan de Telegraaf yn 2010 al útwiisd. As it yn de Telegraaf stiet is it wier, dat sille jim daliks mei my iens wêze. We ha hjir, yn de moaiste provinsje fan Nederlân, sels in eigen taal. Wat in rykdom. Ik brûk dy taal. Om yn te praten en om yn te skriuwen. Dy taal dêr't neffens Sjoerd Bootsma, dy fan kulturele haadstêd, jim witte wol, soms nochal skofterich mei omgong wurdt. Ik wit fan in eks-kollega dosint fan him dat se dêr geregeld diskusjes oer hân ha. Neffens my falt it mei de skofterichheid fan de Friezen genôch ta en ik bin it dan ek net mei him iens, en wol hjir om:
Ik bin fan miening dat wy as Friezen wrâldkampioen 'beskoft wêze' binne. En dy titel drage wy mei eare. Wy hoege mar ien wurd Hollânsk fan in gesprekspartner te hearren en we gaan gelijk over in het Nederfries dat bij de meesten van ons niet om aan te horen is, zo zwanger van het Friesk eigene. Maar, wij moeten ons gelijk verbreken, zo is ons met de fatsoensbrijlepel ingegoten, dat zodoende.
As je tsjintwurdich yn it Frysk begjinne, is dat yn en op guon plakken suver al nuver. De supermerk bygelyks. Sels op it plattelân begjinne de bern achter de kassa yn it Nederlânsk. Ik fyn dat net sa sear kwealik, mar wol spitich. Want we hâlde al sa'n bytsje oer fan de eigen talen. Dan ha ik it net allinnich oer it Frysk hear, mar ek oer it Nederlânsk. Fyn mar ris in reklame dêr't gjin Ingelsk wurd yn sit. Op de radio moatte jo dy mei in lampke sykje.
Lokkich binne der noch in hiel soad minsken dy't wol gewoan Frysk brûke. Wêrom ek net? En hiel soms treffe je ek noch minsken mei sûn boereferstân. It kin sels tagelyk, op ien dei. Sa wie ik dizze wike oan it wurk. We sitte sûnt septimber yn de ivige hjerst, de hagel en reinbuien jeie elkoar yn Drachten, dêr't op guon plakken it grûnwetter oan it meanfjild ta stiet. Op it trottoir rûn in famke fan in jier as fjouwer. Mûtske op, dêr't spierwyt hier ûnderwei kaam. Se kochele as in seehûntsje, oan ien tried wei troch. Doe't ik hoi tsjin har sei, pipe se al wat werom, mar ik koe it net ferstean, sa benaud hie se it. 'Dy hoastet nochal wat,' sei ik tsjin de frou dy't achter har oanrûn en dy't ik derfan fertocht har mem te wêzen. 'Ja, se hat it goed te pakken. It is ek gjin waar,' sei se.
Meastal wit ik dan wol hokker waar de minsken nei langje. 22 graden en sinne. Mar net dizze dame. 'It soe foar alles wolris goed wêze dat we ris wat drûge froast krigen,' ferfolge se. De mûle foel my hast iepen.
'Ik tocht dat ik dat altyd allinnich tocht,' stammere ik.
'Welnee. We binne der echt wolris oan ta, in goed stik kjeld. De earste miggen wienen der dizze wike alwer. Dy brut moat ris goed deafrieze. Better foar alles.' En doe skarrele se achter har slim kocheljende dochterke oan.
Even letter rûn der in frou it hôf op. Se hie in fraach, sei se yn in Nederlânsk. Oer har beppe, dy't 40 jier lyn út Hollân wei hielendal yn Drachten begroeven wie. Se wie it Frysk net mear machtich, sei se, en dat spiet har bot. Ik ha har doe yn it Hollânsk ferteld wêr't se har beppe har grêf fine koe.
Sjoerd sil no wol hartstikkene grutsk op my wêze, ferwachtsje ik."